Skriuwer/muzikant Nyk de Vries docht dizze moanne fjouwer optredens yn ’t ramt fan Nederland Leest, de lêskampanje fan de mienskiplike biblioteken. It tema fan de kampanje is dit jier ‘robotika’.

Skriuwer/muzikant Nyk de Vries docht dizze moanne fjouwer optredens yn ’t ramt fan Nederland Leest, de lêskampanje fan de mienskiplike biblioteken. It tema fan de kampanje is dit jier ‘robotika’.
Literatuer en muzyk op sneintemiddei
12 novimber 2017
De nije dokumintêre “Yn dit lânskip leit myn libben” giet op tongersdei 9 novimber om 14:30 op it Noardlik Filmfestival 2017 yn premjêre.
Op snein 15 oktober fynt yn Terherne de berneboekedei 2017 plak. Sjoch hjir foar mear ynformaasje oer dizze middei.
Sneon 14 oktober is it safier, dan wurdt de wichtichste literêre priis fan Fryslân útrikt, de bjusterbaarlike Gysbert Japicxpriis. Dan krijt Eppie Dam út hannen fan deputearre Sietske Poepjes de priis foar syn dichtbondel Fallend ljocht. Hy ûntfangt in bedrach fan € 10.000. Sjoch hjirûnder foar de útnûging foar dizze middei. Elk is fan herten wolkom.
Dichter op de Deel, in middei fol poëzij & muzyk
Op snein 10 septimber is der yn Eksmoarre om 14.00 oere in program mei dichters en muzikanten ûnder de bynten fan in Fryske stjelppleats.
Mei: Tonnus Oosterhof, Tjitske Jansen, Rodaan Al Galidi, Aggie van der Meer, Tsead Bruinja, Charlotte van den Broeck, Arjan Hut, Obe Alkema en Dien L. de Boer. Mei oersettings Nederlânsk-Frysk en oarsom. De muzyk komt fan Remolino en der is byldzjende keunst fan Yvonne Willems.