Skriuwer/muzikant Nyk de Vries docht dizze moanne fjouwer optredens yn ’t ramt fan Nederland Leest, de lêskampanje fan de mienskiplike biblioteken. It tema fan de kampanje is dit jier ‘robotika’.

De optredens yn Fryslân sille wêze yn respektivelik Frentsjer, Bûtenpost en op Skylge en Skiermûntseach. De yn Noardburgum berne auteur bringt in ôfwikseljend programma dêr’t er foardracht út eigen wurk yn kombinearret mei sang, muzyk en filmkes. Fierders is der debat oer robotika en it temaboek ‘Ik, Robot’ fan Isaac Asimov. Nyk de Vries stie de ôfrûne jierren op in ferskaat oan poadia, û.o. op Lowlands en Oerol. Foar de Fryske biblioteken skreau er earder dit jier it Moardspul. Ferline jier wûn er mei syn roman ‘Renger’ de Piter Jelles Priis. Mear ynformaasje oer Nederland Leest

De optredens sille wêze op:

-tiisdei 14 novimber yn FRJENTSJER

-tongersdei 16 novimber yn BÛTENPOST

-woansdei 29 novimber op SKYLGE

-tongersdei 30 novimber op SKIERMÛNTSEACH