werom nei Fryslân
ulke brolsma
bornmeer, 2010

Oars as yn de eardere ferhalebondel Werom nei Grou hat Brolsma syn geastlike hoarizon oprutsen oant de provinsjegrinzen fan Fryslân en betiden ek dêr bûten. De ferhalen jouwe in byld fan syn aventoeren yn de jierren sechtich.

Skildereftige persoanen en tastannen passearje de revu. Brolsma docht ferslach fan in wurkkamp yn Joegoslavië en út in kibboets yn Israël. Guon ferhalen binne fleurich, oare swiersettich, mar se leverje wol in meinimmend tiidsbyld op fan dy roerige jierren.

Oaren oer dizze titel
Sietse de Vries, LC 19-11-2010