Ut it swetshok
gjalt de groot
bornmeer, 2010

 Yn it swetshok fan Gjalt de Groot stiet wat reid tsjin de kanten. Oan de wanden hingje in pear ielfûken, posters fan skûtsjes, in âlde skoalplaat mei fisken en wat âld ark. In pear polsen en in âlde snoekangel hingje oan de souder. Yn de hoeke lizze wat einekuorren. Op in planke steane twa flessen drank en wat attributen mei in eigen ferhaal. En in wekker dy’t altyd stil stiet, omdat men de tiid hjir oan jinsels hat. Dit is it plak dêr’t samar smoute ferhalen opkomme. In part derfan binne bondele yn dit boek.
Opmerking: op it titelblêd stiet Ut it swetshok, op it omslach It swetshok.

Oaren oer dizze titel