De aaisiker
gjalt de groot
bornmeer, 2011

Doe’t fjildman Gjalt de Groot foar syn wurk geregeld yn België kaam, fertelde er klanten en kollega’s oer de romme fjilden yn Fryslân, de ljippen, skriezen en tjirken, de blommen yn de bûtlannen, de rook fan kalmus. Mar ek oer snoekfiskjen, skûtsjesilen, keatsen en aaisykjen, de Fryske kultuer. Syn ferhalen foelen der sa yn, dat dy minsken mei him te ljipaaisykjen woene. Hy moast hotelkeamers regelje, sy soene learzens en in pet keapje... Dat en oare ferhalen binne yn dizze bondel optekene. Ferhalen oer syn aventoeren mei aaisikersklub De Ald Hij fan Dearsum, syn aaisykjen mei Hans Wiegel en oare sterke aaisikersstikken.

Oaren oer dizze titel
Yvonne Dijkstra, FD 09-07-2011