dit is it gedicht / dit is het gedicht
elske kampen
friese pers boekerij, 2012

Elske Kampen makke de gedichten en de kollaazjes yn dizze bondel foar it puberfamke dat se sels ea wie, oer de fragen en tinzen dy’t har doe troch de holle wynden. Sa sjocht se as folwoeksene fan no op in hiel eigen wize nei de minsken en nei de wrâld om har hinne en yn harsels. Gedichten litte har by Elske Kampen net yn ien taal heine, dêrom is de bondel twatalich. Guon waarden earst yn it Frysk skreaun, oare earst yn it Hollânsk. By elk gedicht heart in folkleur-ôfbylding yn kollaazjetechnyk dy't spesjaal by it gedicht makke is. Dêrfoar brûkt Elske Kampen tin patroanpapier, dat se opfervet mei akrylferve. Dêrnei skuort se dêr snippers ôf dy't gearstald wurde ta in kollaazje. De bondel is gaadlik foar bern fan alve, tolve jier ôf.

Guon fan de fersen ferskynden earder yn de jierlikse bernepoëzijblomlêzingen fan Querido, oare yn de bondel Fersefariaasje by de foardrachtskriich dy't elk jier hâlden wurdt foar learlingen fan 12-19 jier. Dit is it gedicht wie yn 2013 ien fan de fjouwer nominaasjes foar de Simke Kloostermanpriis

Elske Kampen debutearre yn 2010 mei Fan glês it brekken, dêr’t har twa jier letter de Fedde Schurerpriis foar takend waard.

Oaren oer dizze titel
Eppie Dam, LC 06-07-2012
Sigrid Kingma, Ensafh. 14-09-2012