frou mei mandoline op sofa
josse de haan
afûk, 2014

De ferteller yn dizze roman hat in fechtskieding mei syn eks. Sy wol him finansjeel útklaaie. Syn nije freondin hâldt ôfstân fanwegen de striid mei syn eardere frou. De man besiket syn pynlik ferline ûnder eagen te sjen mei filosofearjen oer keunst en literatuer. Neist syn eigen oertinkingen pleatst er stikken út literêre teksten fan oare skriuwers, dy't in alternatyf sicht jouwe op it ferhaal en de persoanlike en ferheftige stikken fan de ferteller lichter en algemiener meitsje..
‘In ferhaal dat streamt en foarmet, my oan it prakkesearjen set, op de goede mominten in nije laach yn dûkt, fan bûten nei binnen – in spul fan oantrekking en ôfkear – it útinoar fallen fan in mienskip, húshâlding, houlik, persoan, oant de skynbere ein, de iensumheid.’ (Arjan Hut)


Oaren oer dizze titel
Jelle van der Meulen, Friese Literatuursite july 2014
Doeke Sijens, LC 24-10-2014
Jaap Krol, FD 25-10-2014
Geart Tigchelaar op Ensafh 19-01-2015