Reedride op glêd iis
Josse de haan
elikser, 2016

Reedride op glêd iis is in bondel mei ferheljend en polemysk proaza, poëzy, literatuerkrityk, essays, analyzen, anarkys en kollaazjes. It giet hjir om it fjirde diel yn in rige wurk mei ferskaat oan ynhâld – Kastanjes poffe (2005), Kidelstiennen heine en slaan (2007) en Frozen moonlight yn myn hannen (2013) wiene de eardere dielen – dy’t Josse de Haan sûnt 2005 gearstald hat. Yn dit boek jouwe brieven oan freonen en reaksjes op mails en blogs oer literêre ûnderwerpen sicht op it literêre bedriuw sa’t him dat yn De Haan syn eagen de ôfrûne desennia ûntwikkele hat. Oan primêr wurk binne yn dit boek neist twa nea earder publisearre ferhalen ek 37 fersen en 14 anarkys (fisuele poëzy) opnommen.

Mear oer dizze titel
Sietse de Vries, fraachpetear, LC 19-02-2016
Jelle van der Meulen, Friese literatuursite feb 2016