Boef fan Rys
Reinder R. van der Leest
Frysk en Frij, 2016

Boef fan Rys is it twadde diel út de Nier-en-Dynte-syklus. It giet hjir om in werprinting fan in boek dat yn 1972 foar it earst ferskynde. Sintraal stiet de Dútske baron Pappsack, dy’t betocht hat dat er in miljoen besteegje wol oan de Fryske kultuer. Om dy reden moatte Nier en Dynte him rûnliede troch Fryslân om sa in ferantwurde kar meitsje te kinnen. Al gau oppenearje allerhanne gangsters har om Dynte en Nier it libben soer te meitsjen, wjerfarrens dy’t mei in soad humor en in satiryske ynslach beskreaun wurde.
Dizze útjefte is de tredde printinge fan it boek. De twadde wie yn 2001, yn ien bân mei Komme dy kepers, yn de rige Fryske Klassiken II (boekprofyl).

Oaren oer dizze titel
Jabik Veenbaas, LC 01-06-2001
Gerbrich van der Meer, FD 07-08-2001
Jelle van der Meulen, Fryske literatuersite