Oarloch yn en om Grou
Ulke Brolsma
bornmeer, 2016

Oarloch yn en om Grou giet oer de Twadde Wrâldoarloch sa’t dy yn Grou belibbe waard. Yn ’e rin fan de oarloch kamen der hieltyd mear ûnderdûkers, mar ek it ferset naam ta. Yn septimber 1944 lei de besetter beslach op de filla fan fabryksdirekteur Halbertsma. Dêrmei set in drege tiid útein. De Grüne Polizei iepenet de jacht op Joaden en fersetsminsken, fan wa’t de measten begjin maart 1945 oppakt wurde. Yn dit boek giet de skriuwer nei wa’t dizze minsken úteinlik ferret hat.

Oaren oer dizze titel
Hedwig Terpstra, Ensafh. 06-05-2016 (fraachpetear)