wapper
yke reeder en sytse jansma
tresoar, 2016

Wapper is it aksjeboek, útjûn yn it kader fan Swalk, Frysk op toernee. Ynearsten soe Auck Peanstra oan dit boek meiwurkje, mar troch har ferstjerren kaam dat der net mear fan. Fandêr dat foar yn it boek har namme neamd wurdt as ynspirator. Har plak wat de tekst oanbelanget waard oernommen troch Sytse Jansma.

‘Wapper’ is skreaun en tekene troch keunstner Yke Reeder. It giet oer in hiel bysûnder fûgeltsje dat noch net fleane kin, mar it ál graach leare wol. Allinnich, hoe dogge je dat?

Dit printeboek is ek geskikt foar bern yn it spesjaal ûnderwiis.

Oaren oer dizze titel

 

'The making of' Wapper

'ResponsiveMedia' plugin by Geoff Hayward.