It sinfol bestean
willem verf
het nieuwe kanaal, 2017

  • liene by Tresoar [link folget**]
  • Liene by de iepenbiere bibleteek [link folget**]

It sinfol bestean is it sânde boek fan Willem Verf. Karin en Jitse, beide aardich yn de sechtich, wurde nei mear as fjirtich jier ynienen konfrontearre mei in persoan dêr't se mei ôfkear oan weromtinke. Wat se mei dy man meimakke ha yn harren studintetiid, is de reade tried yn de beskriuwing fan de jierren dat Jitse en Karin elkoar kennen learden. Dy reade tried is yn dizze roman ferfrissele mei harren libbens fan no: beide binne aktyf yn de polityk, maatskiplik belutsen en kieze foar in sinfol lêste part fan harren libben. En opnij soarget dyselde man fan doe foar ûntregeling.

Oaren oer dizze titel