De wiete poes
douwe kootstra
regaad, 2017

Fryske folksferhalen hawwe altyd bot yn de belangstelling stien. Mar in bepaald skift fan dy folksferhalen is noch altiten net by de Friezen telâne kaam: de ûnfoege, ûnfatsoenlike fertellingen, dy’t fansels ek omgean ûnder it folk. Folkskundige Jurjen van der Kooi hat in seleksje fan sok skabreus materiaal makke. Skriuwer en ferhaleferteller Douwe Kootstra hat dat wer bewurke oant wat it no is: in boekje fol mei ferhalen en ferhaaltsjes dy't in gaadlike oanfolling binne op de besteande boeken mei folksferhalen.

Oaren oer dit boek