no komt it noch!
gjalt de groot
bornmeer, 2017

Yn No komt it noch! bringt Gjalt de Groot syn lêzers yn in wrâld fan bysûndere minsken. De haadpersoanen hawwe de smaak te pakken fan it folgjen fan har passy. Soms knoffelich, dan wer hast geniaal.  De Groot kin as gjin oar bleatlizze wat har driuwt by it sykjen om lok en rom. Mei in skerp each en in grut gefoel foar humor sketst er de Fryske wrâld dêr’t er hikke en tein is.
De wederwaardichheden fan omke Durk yn mar leafst seis Alvestêdetochten foarmje de reade tried. Mar ek de ferhalen oer it libben fan fiskerman Ale, de rare dea fan Bouwe Hyltsje en de snoade mollefanger Rienk Mol steane yn it boek.
De bondel slút ôf mei in bysûnder ferhaal oer in hichtepunt yn it libben fan de skriuwer sels, it ferhaal oer syn soan Jan Dirk dy’t mei syn partoer de PC fan 2016 wûn.

Dit is De Groot syn sechste bondel mei ‘ferhalen fan in fjildman’. Hy debutearre yn 2009 mei De jonge aaisiker fan Luctor et Emergo


Oaren oer dizze titel