het vaderpaard / it faderpaard. alle gedichten
tsjêbbe hettinga; oersetting Benno Barnard, yn 'e mande mei
de dichter sels en mei tsead bruinja en teake oppewal
de bezige bij, 2017

Dizze twatalige sammelbondel beslacht in dichterlik oeuvre fan 44 jier. Mei de bondel kin de lêzer op tagonklike wize de ûntjouwing yn it wurk fan Hettinga folgje. Syn literêr debút bestiet út twa koarte gedichten yn Trotwaer yn 1970 (earder útstjoerd op Operaesje Fers op 20-05-1970). Dêrnei folgen fjouwerenheale bondel dy’t oant no ta net oerset wiene, oant en mei it magistrale leafdesepos ‘Under seefûgels’ / ‘Onder zeevogels’ út 1992. It wurk fan dêrnei waard mei Hettinga syn lanlike trochbraak yn 1993 bekender as it eardere wurk. De samling mei alle gedichten befettet ek it ferspraat publisearre wurk (almeast út Hjir yn de jierren ’70-’80) en in tal net-publisearre fersen. Hettinga stalde stels noch syn nijste, achtste dichtbondel gear, De ring fan Gyges. De tekst stie klear op syn kompjûter. Hy naam yn de bondel al syn al bekende koartere publikaasjes op út it earste desennium fan de 21 ste iuw plus fiif grutte nije fersen.

Koart nei it ferstjerren fan Tsjêbbe Hettinga yn maart 2013 kaam útjouwerij De Bezige Bij mei it foarstel om syn samle wurk út te jaan yn in twatalige útjefte. Hettinga syn dochter Wypkje en Barbara Jonkers, de foarmjouster fan syn lêste bondels, sochten it dichtwurk út dat op de hurde skiif fan syn kompjûter stie en brochten dat oer nei Tresoar. Tsead Bruinja, Teake Oppewal en Geart de Vries foarmen de redaksje fan it projekt.

Yn it oerlis mei de útjouwer die bliken dat Hettinga syn oersettingen net opnommen wurde koene. De argumintaasje wie, syn bondel kaam yn in rige mei útjeften fan ûnder oaren Brodsky en Borges fan wa’t ek allinne mar eigen wurk opnommen wie, en as de bondel twatalich Frysk-Nederlânsk wurde soe pasten oersettingen út it Ingelsk of it Frânsk dêr eins net yn.

Dichter en oersetter Benno Barnard sette nei 1993 yn oparbeidzjen mei Hettinga de helte fan it dichtwurk oer yn it Nederlânsk. Hy wie ree om no it oare wurk dat noch net beskikber wie ek oer te setten, mei help fan Tsead Bruinja en Teake Oppewal. Dy leveren rûge oersettingen oan mei útlis derby en Barnard boude dy yn oerlis om ta Nederlânske poëzij.

Hettinga syn foardrachten binne tagelyk ek beskikber fia de website luisterrijk.nl, dêr’t belangstellenden de mp3-lûdsbestannen oantuge kinne. It komplete audio-wurk beslacht fjouwer mp3-cd’s fan elk sawat in oere. De cd’s binne apart te krijen, mar der is ek ien sammel-cd mei alles derop te krijen.


Mear oer dizze bondel
Benno Barnard, taspraak by presintaasje yn Spui25, Amsterdam, Sirkwy 20-04-2017
Hanz Mirck, Tzum 20-04-2017
Kirsten van Santen, by presintaasje Amsterdam, LC 21-04-2017
Kirsten van Santen, trije minsken oer it boek, LC 21-04-2017
Asing Walthaus, ferslach presintaasje Ljouwert, LC 22-01-2017
Abe de Vries, FD 22-04-2017, koprigels en artikel
Janita Monna, Trouw 22-04-2017
Arjan Hut, ferslach presintaasje Ljouwert, de Moanne 26-04-2017
Benno Barnard en Kees ’t Hart, fraachpetear VPRO op ca 1h:11m yn Nooit meer slapen 27-04-2017
Joep van Ruiten, LC/DvhN 28-04-2017
Jelle van der Meulen, Friese-literatuursite ein april 2017
Maria Barnas, de Volkskrant 13-05-2017
Benno Barnard, de Standaard 27-05-2017
Piet Gerbrandy, Awater, zomer 2017 p. 5-7.
Harm Hendrik ten Napel, Klecks 04-06-2017
Karel Alleene, Cutting Edge 05-06-2017
Rien van den Berg, Nederlands Dagblad 16-06-2017
Hans Puper, Meander 2017/06
De Moanne, jiergong 16, 03/2017