De TREKKER FAN TROJE
HEIN JAAP HILARIDES
BORNMEER, 2017

Friso Wassenaar is lobbyist yn Brussel. Hy wrakselet mei syn identiteit yn it postmoderne Europa. Syn twillingbroer Hero sit op de pleats dêr’t de Wassenaars al generaasjes op buorkje. Heit Klaas Wassenaar is harren foarbyld. Yn 1990 wie hy de lieder fan in grutte boereaksje. It belied fan de Europeeske Uny bedrige de boeren yn harren fuortbestean.
Tweintich jier letter stride Friso en Hero foar de autonomy fan Fryslân. Mei in leger fan trekkers besette se Brussel. Dan komt heit ûnder in muorre en ferûngelokket. It docht bliken dat de hiele erfenis nei Hero giet. Boppedat hat de twilling noch wat út te fjochtsjen. Se falle op deselde frou: Andrea Kalma. Stap foar stap wurket Hilarides ta nei in thrillerachtige ûntknoping.

Oaren oer dizze titel
Sietse de Vries, fraachpetear mei auteur, LC 26-05-2017.
Jaap Krol, resinsje yn Friesch Dagblad, 29-07-2017.
Doeke Sijens, resinsje yn Leeuwarder Courant, 08-09-2017.
Geart Tigchelaar, resinsje op Ensafh, 07-11-2017.