Ien foar de wraak (twadde printing)
joop boomsma
friese pers boekerij, 2006

De earste deis fan de maitiidsfakânsje wurdt yn in Ljouwerter Mafû it lyk fan in learaar fûn. Is it in ûngelok? Of is der sprake fan opsetsin? De polysje siket en ûndersiket, mar kriget gjin inkeld hâldfêst. It liket derop dat de krekte tadracht yn 'e dize hingjen bliuwt. De dea fan Arnold Hagen sil in riedsel bliuwe.
Jaap Dykstra, in kollega, mar benammen in freon fan it slachtoffer, leit him dêr net by del. Hy hat ûnderwilens sa syn fermoedens en nimt de tried op dy't de plysje slûpe litte moast. Hy docht in eigen ûndersyk. En wat tichter as er by de wierheid oer de grouwélige dea fan syn freon komt, wat mear gefoelens fan wraak er kriget. Gefoelens dy't er úteinlik omset yn dieden. It is gjin spannend spultsje mear dêr't er yn fersile rekket, mar de hurde werklikheid fan de hjoeddeiske misdied. De earste printing fan Ien foar de wraak ferskynde yn 1988 en markeart it begjin fan in oplibbing fan it misdiedsjenre yn de Fryske literatuer.

Oaren oer dit boek
Henk van der Veer, Sneeker Nieuwsblad 12-12-2005 en eigen webside