tinzen oer it libben en oer dedea
Jelke Bos [=tr. riemersma]
koperative utjowerij, 2001

Labrador Jelke Bos is oan it skriuwen rekke troch in hast-dea-ûnderfining: hy woe de bal dy't syn baas yn de sleat keild hie ophelje - en doe barde it. Hy koe ynienen neat mear en fielde himsels út it libben weiglydzjen. En dat wie eins net iens sa slim. Dat syn baas yn de sleat stapte en him derút helle, koe Jelke wol binlikje. Mar efternei hie er leaver hân dat er doe op dat stuit yn alle frede stoarn wie. En dêr prakkesearret er no oer en skriuwt it op. Tagelyk jout er kommintaar op it libben fan de minsken yn it algemien en dat fan syn baas Omkoal yn it bysûnder. Jelke rekkenet derop dat it manuskript mei syn tinzen oer it libben en oer de dea wol troch Omkoal fûn wurde sil. 'Ik skink him it kopijrjocht, dan kin er ek nochris in buossint oan my fertsjinje.'

Op 4 oktober 2017 ferskynt by útjouwerij Elikser en by utjouwerij Zirimiri Press yn Amsterdam in nije edysje yn Frysk en in oersetting yn it Nederlânsk. De oersetting is makke troch Harmen Wind en Jantsje Post. De titel is justjes oanpast en as auteursnamme wurdt Tr. Riemersma neamd.

libben en dea neffens Jelke Bos 2017 500x337

Oaren oer dizze titel
Klaas Jansma, Omrop Fryslân, It lêsaventoer, 26-02-2001
Jabik Veenbaas, LC 09-03-2001
Gerbrich van der Meer, FD 18-04-2001
Eric Hoekstra, Eigen argyf
Jelle van der Meulen, Friese literatuursite
Otto Kuipers, Webloch 'Neffens my', 18-12-2012