Alde Maaie
rink van der velde
friese pers boekerij, 2000

Ald plysjeman Homme Veldstra sjocht hoe't by it kazemattemuseum yn Koarnwertersân luitenant-kolonel b.d. Van Bommel ûnder in rûnlieding fermoarde wurdt. Veldstra is in tûk waarnimmer. Hy giet by Eabe Pronk del, dy't der neffens Homme mear fan wit.
Sechstich jier lyn is Eabe syn heit, Linse Pronk, as Nederlânsk soldaat sneuvele op 'e Grebbeberch. Eabe wie doe mar in lyts jonkje. Syn takomst en dy fan syn net-troude mem seach der ynienen roetswart út. Wantsyn heit hie foardat de maaiedagen begûnen grutte plannen. Op Alde Maaie (de tolfde fan de maaiemoanne) soenen hy en syn Yfke einlings trouwe en de bakkerij yn Kimswert oernimme. Mar op 10 maaie 1940 brekt de oaroch út en sit Linse Pronk as soldaat op de Grebbeberch. Lykwols, ôfspraak is ôfspraak: Linse en syn maat Miente stappe op de Eysinkmotor en sette nei Fryslân. Dat wurdt lykwols in drama. Sechstich jier neitiid komme Homme Veldstra en Eabe Pronk einlings achter de wierheid en dy is hiel oars as eltsenien tocht hat.
Dizze roman ferskynde yn 2010 ek yn de omnibus De oarloch fan Rink van der Velde.

Oaren oer dizze titel
Jabik Veenbaas, LC 12-05-2000
A. IJ. van den Berg op syn boeklog
Henry Baron, World Literature Today - Autumn 2000, The Free Library