Kuneara
akky van der veer
bornmeer, 2000

Yn 337 wurdt Hear Heimo fan Rhenen, in regionale kening yn tsjinst fan Rome, ynset om te fjochtsjen tsjin in Frankyske rôversbinde dy't Keulen belegeret. Dêr moetet er Kuneara, dy't mei alve oare fammen op 'e weromreis fan in pilgrimstocht troch de rôvers oerfallen wurdt. Hear Heimo - ûnder yndruk fan har skientme - rêdt har as iennichste fan de marteldea en nimt har mei nei syn boarch op 'e Heimenberch.
De 'kristlike' Kuneara komt yn in 'heidensk' fermidden terjochte. Se kriget dêr te meitsjen mei in keninginne dy't lêst hat fan ynbylde kwalen en mei in hofdame dy't neffens har dochter fierstente ûnderdienich is. Stapke foar stapke komt dy dochter, de fertelster fan dit ferhaal, derachter dat alles sa syn reden hat. Kuneara is in histoaryske novelle dy't basearre is op in midsieuske leginde oer de hillige Kuneara, de beskermhillige fan de stêd Rhenen.
Kuneara wie it Fryske Boekewikegeskink fan 2000, skreaun yn opdracht fan de Stichting it Fryske Boek.

Oaren oer dizze titel
Yvonne Dijkstra, FD 23-02-2000
Joop Boomsma, Webside, 23-2-2000
Jabik Veenbaas, LC 25-2-2000
Henk van der Veer, Sneeker Nieuwsblad 02-03-2000
Meinou Piebenga, Trotwaer 4, maaie 2000 - side 189-190