hierbak
sietse de vries
bornmeer, 2018

  • liene by Tresoar [link folget**]
  • Liene by de iepenbiere bibleteek [link folget**]

Sintraal yn dit boek stiet fannijs ferslachjouwer Sjerp Bak, gjin ûnbekende yn de Fryske lêzerswrâld, want hy figurearre ek al as haadpersoan yn it Kadoboek dat Sietse de Vries yn it ramt fan de Moanne fan it Fryske Boek 2012 skreau. Hierbak is in ferfolch op Bak, want de moarden dy't Sjerp op syn gewisse hat en syn ûndersyk nei East-Europeeske kriminelen wurkje troch yn syn bestean. Dyselde kriminelen kamen by him del, bûnen him fêst op in stoel en besochten om derachter te kommen wa't Bak syn opdrachtjouwers wiene. Bak wist se derfan te oertsjûgjen dat er oeral sels ferantwurdlik foar wie. Uteinlik lieten se him gean, mar dan wol op it betingst dat er in putsje foar se opknappe moast. Sa komt Sjerp Bak foar de fraach te stean oft er wér it kriminele paad op moat. Foar deselde fraach stiet deputearre Kerst Sorgdrager. Moat er tsjin finansjele geunsten fan boubedriuw Hofstra ferdûbeling fan de wei Ljouwert-Boalsert tastean? Al gau komme beide mannen yn elkoars farwetter telâne en sykje se elk op syn eigen manier in útwei.

Oaren oer dit boek
Rixt Oenema, LC 06-04-2018 (fraachpetear) [ link folget**]