de trettjinde asega
harke bremer en Jarich hoekstra
bornmeer, 2018

  • liene by Tresoar
  • Liene by de iepenbiere bibleteek [link folget**]

De trettjinde asega (op it omkaft De 13de asega) is in ferhaal dat weromgrypt op in myte oer Karel de Grutte. Tolve asega's, manlju dy't in soad witte oer it Fryske rjocht, binne nei in ultimatum fan Karel de Grutte de see opgien en bidde om in trettjinde asega dy't se werombringe kin nei de fêstewâl. Ynienen stiet dy ferlosser oan it roer, dat winliken in gouden bile is. Ruerd van der Zee, natoerkundestudint yn Berkeley, krijt de beskikking oer in doaze mei Fryske boeken. Yn in Bibel fynt er in âld stikje parkemint. Nei it lêzen hjirfan krijt er it fermoeden dat dy Âldfryske sêge wolris mear wêze kin as in optocht ferhaaltsje. Tegearre mei syn freondinne, Jikke Post, giet er op ’e sneup. Al gau wurdt dúdlik dat der triedden fan ’e midsiuwen nei hjoeddedei ta rinne en dat guon lju net sa wiis binne mei har gepinfisk en sels ree binne om geweld te brûken. Underwyls ûndersiket yn Mumbai de ienselvige Anand Singh, in agint fan ’e Yndyske geheime tsjinst, de moard op in ferneamd politikus en folget syn eigen spoar. Yn dizze thriller komme al dy linen byelkoar en wurdt de âlde sêge fan ’e tolve asega’s yn ferbân brocht mei hjoeddeiske tsjustere praktiken.

Oaren oer dit boek
Sietse de Vries, LC 19-01-2018 (fraachpetear)
Jaap Krol, FD 24-03-2018 (besprek)
Sjoerd Bottema, De Moanne 11-05-2018 (besprek)