De fluchste blanke
jan minno rozendal
kffb, 2018

De twadde roman fan Jan Minno Rozendal is rûchwei basearre op it wier barde ferhaal fan de Nederlânske sportman Tinus Osendarp, dy't meidie oan de Olympiade fan 1936 yn Berlyn. Dat dizze atleet yn it ferrin fan de skiednis deaswijd waard, hie alles te krijen mei syn stânpunten yn de oarloch: hy keas foar de Dútske kant. Yn De fluchste blanke ûndersiket Rozendal hoe't it kin dat haadpersoan Huub, in wat naïve jongkeardel, geandewei kiest foar de ferkearde kant. It ferhaal wurdt net yn gronologyske folchoarder ferteld, mar giet werom fan de ein nei it begjin. De skriuwer liet him wat de opbou oanbelanget ynspirearje troch de roman Wolkenatlas fan David Mitchell.

Oaren oer dizze titel
De Fleanende Krie, Maart 2018 (fraachpetear)
Doeke Sijens, LC 18-05-2018 [Link folget**]