moard yn 'e hite hei
meindert bylsma
elikser, 2018

Moard yn 'e hite hei is nei it yn 2015 ferskynde Allegearre snie it twadde diel yn in searje plysjeromans mei as haadpersoanen it resjersjeursduo Bekkema en Roosjen. Boer Wiggele Kingma is net thúskommen, yn syn skuorre leit in plasse bloed. In skoftke letter fynt in angelfisker it yn twa mei tegels ferswierre jutesekken ferpakte lyk. Al gau docht bliken dat de boer gjin noflik man wie, om mear as ien reden stie er bekend as Wiggele Aso. Uteinlik komme Bekkema en Roosjen derefter wat him dy nacht ôfspile hat.

Oaren oer dit boek
Jaap Krol, FD 26-05-2018 (besprek)