Skuld
Jikke Olivier
KFFB, 2018

Skuld is de debútroman fan Jikke Olivier. Yn dit boek makket Welmoed Bos nei it ferlies fan har soantsje Tomas in ein oan har libben. Yn dizze roman wurde de gefolgen dêrfan beljochte by sawol har man Ben, dy't de lêste jierren hâlden en kearen hie om mei in depressive frou om te gean, as har 14-jierrige dochter Hanna. Benammen by Hanna lit it ferlies fan har mem djippe spoaren nei. Om har problemen te ferwurkjen begjint se fierste folle te iten. Dêrtroch wurdt se pest op skoalle. Har heit hat ûnderwilens in oare frou moete, koart nei it ferstjerren fan Welmoed begjint er in relaasje mei har.

De yllústraasje op it omslach stelt in wurkstik fan Hanna foar: eagen tidens ferskillende moannen út har libben.

Oaren oer dizze titel
Sietse de Vries, LC 08-06-2018 (fraachpetear oer Skuld)