it testamint fan tonnema
gooitzen monsma
kffb, 2018

It testamint fan Tonnema is de debútroman fan Gooitzen Monsma. De haadpersoan, Wytse Riemersma, krijt nei in lange syktocht om wurk úteinlik in baantsje by de notaris. En dat foar in grou lean, hy kin it amper leauwe. It wurk dat er dwaan moat, falt oars net ta: hy moat in soad type en dan it leafst sûnder flaters. Geandewei krijt er mear putsjes. En sa brekt it momint oan dat er in baas fout makket: hy besoarget in testamint wylst ôfpraat wie dat deselde dy't it opmeitsje litten hie, it sels ophelje soe om foar te kommen dat it yn ferkearde hannen telâne komme soe. Dêrmei komt de (pikante) ynhâld op strjitte te lizzen en begjinne de problemen foar Wytse, hielendal as de frou fan de notaris 'spesjale gefoelens' foar him blykt te hawwen.

Oaren oer dizze titel
Jaap krol, FD 10-11-2018 [link folget**]
Doeke Sijens, LC 16-11-2018 [link folget**]