Tútsjeboartsje mei Swarte Pyt

'No hawwe we de hichte!' betsjut: it hat no moai genôch west. 'De hichte' sa hyt it earste ferhaal yn 'Kofje ferkeard' fan Margryt Poortstra (1952). In frou beslút dat it moai genôch west hat. Tagelyk is dy hichte letterlik oanwêzich want se hat einlings in moai lânskip mei net al te hege heuvels fûn: heger hoecht it fan har net. Sa brûkt Margryt Poortstra de taal: se hellet alles derút wat deryn sit.
De bundel telt 21 koarte en langere ferhalen mei hiel ferskillende haadpersoanen. Jonge en âlde froulju, famkes en manlju hawwe elk in eigen skiednis en benammen harren eigen emoasjes. Der is in soad omtinken foar details sadat men it fertelde maklik foar jin sjocht. Soms binne dy details oerstallich, dan drage se net by ta in better begryp, lykas yn 'Koers', dêr't in frou har libben oertinkt en konkludearret dat se de goede kar makke hat. Dat ferhaal hat boppedat amper tiidsferrrin en sokke ferhalen - dêr't der mear fan yn steane - misse sadanich spanning.

Lokkich bliuwe der genôch ferhalen mei wol in spanningsopbou oer, lykas it titelferhaal, oer in dichteres/húsfrou dy't fersen foarlêze sil op in feest fier fan hûs, dat moai en ûnferwachtse einiget. En lykas 'Hillichman', dêr't in man - yn 'e midlifekrisis - as Sinteklaas tútsjeboartet mei ien fan syn swarte piten.

Guon ferhalen befetsje lichte humor, oare behannelje earnstige problematyk as it leed fan flechtlingen; fandalisme by de jongerein of bernemishanneling. Soms wurdt de ynhâld te swier oanset en hie it wol mei wat minder ta kinnen, sa as yn 'Etna' dêr't de ikpersoan har mem - type Neelie Smit-Kroes, dy't noait tiid hân hat foar har bern - by de krater fan de fulkaan wat wichtichs fertelle sil. De útkomst fan in ferhaal is my faak wat te psychologysk korrekt, mei as gefolch dat de ynhâld my net rekket. In útsûndering derop is it titelferhaal, mar ek 'Neaken', dêr't in soad pine en fertriet mei ien grapke relativearre wurdt.

In tema dat oan de grûnslach fan de bundel leit, is de langst om út de feilige wrâld fan in earder keazen bestean te brekken, in tema dat folle faker yn it Poortstra har wurk - proaza en poëzij - foarkomt.
It is in moaie bondel wurden, mei lêsbere, werkenbere ferhalen fan in skriuwster dy't wit hoe't se mei de taal en de wurden omgean moat om oan minslike emoasjes stal te jaan.

JETSKE BILKER

Kofje ferkeard
Ferhalen
Margryt Poortstra
Afûk, Ljouwert
Tal siden: 199
Priis: €17,50