Eppie Dam
Dingeman krijt wjukken (1999)
Sjenre: Proaza

Oer boek en skriuwer

Dingeman wennet tegearre mei syn mem yn it saaiste hûs fan de stêd. Op in dei krijt er in brief. Hy wurdt, mei noch alve oare bern, útnoege foar in simmerkamp op in spannende buorkerij ergens fier fuort. Dêr bist ast bern hielendal eigen baas.

Pensjonearde pakes en útborduerde beppes dogge alles watsto wolst, en dêrom stjoere se dy ek noait op bêd. Dingeman wurdt helle mei in lúkse taksy. De sjauffeur set him ôf op it hiem fan in âlde boerepleats. Mar al wa’t dêr binne, gjin bern, gjin pakes en gjin beppes. Hy treft allinnich boer Joazef en syn bisten oan. Joazef makket sels tsiis, bakt syn eigen bôle en ferbout syn eigen griente. Hy tekent, skildert, betinkt wûnderlike bouwurken en lêst swiere boeken. Dingeman fynt him dalik aardich, mar Joazef hat ek geheimsinnichheden dy’t Dingeman mar heal fertrout. Al op ’e earste dei bouwe Joazef en hy de Wjukkestoel. It is in stoel dy’t wat te fertellen hat. Ast derop sitten giest, komt der in ferhaal om dingen helder te meitsjen. Guon dingen bliuwe Dingeman lykwols in riedsel, al wit er op ’t lêst wol hieltyd dúdliker wat er wol. Eppie Dam krige yn 2001 foar Dingeman krijt wjukken, in boek foar bern fan 9 jier en gâns âlder, de Simke Kloostermanpriis. Mei opfallende yllustraasjes fan Gerrit Terpstra.

Dit boek yn de DBFL is de earste printing fan 1999. It is yn de boekhannel te keap en dêrom noch net as TDE-útjefte beskikber.

In ryk boek fol mei symbolyk dy’t ferwiist nei de djippere grûnen fan it libben. […]
De yllustraasjes fan Gerrit Terpstra nimme in spesjaal plak yn. Se foarmen foar de skriuwer de ynspiraasjeboarne foar it skriuwen fan it boek en ynspirearje op har bar de lêzers wer.
Sjuery Simke Kloostermanpriis 2001. […] Ek ynhâldlik stekt dit suver klassike boek fier boppe de midsmjitte fan ’e Fryske literatuer út.

Henk van der Veer yn it Sneeker Nieuwsblad

Dingeman merkt een dode haas op in het veld. Het dier en het jongetje blijken op een of andere manier met elkaar te kunnen communiceren. Uiteraard wil het mensenkind weten hoe het is om dood te zijn. Het antwoord van de haas is ronduit verbijsterend: “ik bin der net oars fan wurden”. […] Een positievere visie op de dood is nauwelijks denkbaar.

Johan Gezels yn Trotwaer

Eppie Dam (1953) is ûnderwizer, earst op Urk en letter yn Balk. Hy is in produktyf skriuwer en hâldt him dwaande mei in grut ferskaat oan sjenres: jeugd- en berneboeken, poëzij, kollumns, biografyen, liturgyske teksten, oersettings en krityske stikken.

Fan dit boek kin gjin pod-eksimplaar besteld wurde omdat de rjochthawwer dêrta gjin tastimming jûn hat. Yn de oersjochslist oan de ein fan de rubryk Oer de DBFL is dat oanjûn mei gt.
It kin ek wêze dat de middels fan it projekt dêr yn earsten net de mooglikheid ta jûn ha.