Ypk fan der Fear
Eilân fan de silligen (1966)
Sjenre: Proaza

Oer boek en skriuwer

Eilân fan de silligen is in histoaryske roman oer it libben fan Antoinette de Bourignon (1616-1680), dochter fan in rike roomske keapman út it Belgyske Rijsel. Antoinette flechte út har âlderlik hûs om oan in oplein houlik te ûntkommen. Nei ferskate omswervings bedarre se op it Waadeilân Nordstrand by Sleeswyk-Holstein en mei har folgelingen boude hja dêr oan har ideaal om in kristlike oergemeente te stichtsjen. Bourignon wie der fan oertsjûge dat God har útkeazen hie om it wiere kristendom út te dragen. Nei’t hja har leauweardigens ferlear, flechte Antoinette nei Amsterdam. Hja waard ûnderweis siik en ferstoar yn Frjentsjer. Ypk fan der Veer beskreau de haadfiguer as in frou dy’t ‘ûnder ynfloed fan mystike skriuwers en prekers harsels seach as in ynkarnaasje fan God’. 
Dit boek yn de DBFL is de twadde printing út 1981.

 

Steeds valt in haar oeuvre de grote schrijfdrift op en de wil gestalte te geven aan de niet-verstandelijke drijfveren in ’s mensens bestaan.

Jo Smit yn Literair kwartier fan de rono

De skriuwster is der tige yn slagge de sfear te skeppen, wêryn’t dizze minsken libben en de tsjoen te tekenjen, dy’t har yn ’e macht hie.

Nieuwsblad van Noordoost-Friesland

De petearen binne moai natuerlik hâlden en knap funksjoneel. De sfear dy’t jin út dit boek temjitte komt oertsjûget en dat is foar in histoaryske roman in grut komplimint.

Tjitte Piebenga yn Het Vrije Volk

Lipkje Post-Beuckens (1908-1983) waard berne te Sondel. Nei har oplieding oan de kweekskoalle stie hja lange jierren foar de klasse. As proazaskriuwster publisearre hja it meast ûnder de skûlnamme Ypk fan der Fear, de famkesnamme fan har mem. Hja krige yn 1979 de Gysbert Japicxpriis foar har hiele oeuvre, mar benammen foar har histoaryske romans. Under de namme ‘ella wassenaer’ waard se bekend as dichteres.