Ypk fan der Fear
In fatsoenlik famke (1984)
Sjenre: Proaza

Oer boek en skriuwer

Dit boek is de postúm ferskynde autobiografy fan Ypk fan der Fear. De skriuwster sjocht werom op de earste tweintich jier fan har libben. Se groeit op yn in boerehúshâlding en giet nei in kristlike legere skoalle op fiif kertier rinnen. Op de kweekskoalle skriuwt se har earste Fryske sketsen. Se fynt dêrnei al gau in baan as ûnderwizeres, giet op Fryske les en hat belangstelling foar de Fryske beweging. As har freondinne komt te ferstjerren, beseft se dat har fammetiid foarby is. Ferskate figueren út de boeken fan Ypk fan der Fear binne basearre op persoanen út har jeugd. Dêrom is Fan der Fear har autobiografy benammen nijsgjirrich foar de leafhawwers en kenners fan it fiksjonele wurk fan de skriuwster.

Dit boek yn de DBFL is de earste printing út 1984.

 

Mei in foar Fryslân seldsume iepenhertigens en earlikens stalt se de feiten, wjerfarren, de aventoeren en uterlike sawol as ynderlike ynfloeden út fan har earste tweintich libbensjierren.

Jo Smit yn De Strikel

Ik soe yn de Fryske literatuer gjin oare autobiografyen neame kinne dêr’t de auteur him/har sa ûnberongen yn priisjout as Ypk fan der Fear it docht yn harres.

Freark Dam yn de Leeuwarder Courant

In ferhelderjend boek oer de tiid fan doe en ûnder hokker omstannichheden men doe grut wurde moast, sûnder mei de blynkape op troch it libben gean te wollen.

Jan van der Veer yn de Balkster Courant


Ypk fan der Fear (pseudonym fan Lipkje Post-Beuckens, 1906-1983) skreau neist har autobiografy njoggen romans, twa novelles en in ferhalebondel. Se krige yn 1979 de Gysbert Japicxpriis foar har hiele oeuvre, benammen de histoaryske romans. Under de namme ‘ella wassenaer’ waard se bekend as dichter.