Ypk fan der Fear
Ta him dyn begearte (1949)
Sjenre: Proaza

Oer boek en skriuwer

Ta him dyn begearte jout it ferhaal fan Hylck, dochter fan in earme feantersfamylje fan de Kúnder. Hja wurdt as faam útbestege op Stoffelsma’s pleats yn Gaasterlân. Boer Barre Stoffelsma ferballet de leafdesrelaasje tusken Hylck en syn soan Siertsje. Hy twingt Siertsje ta in houlik mei Hinke, in  frou út in ryk boerelaach, mar mei in miswoeksen lea. Hylck moat fierder mei de boerefeint Gerke foar wa’t se gjin leafde opbringe kin. Hylck bliuwt in bûtensteander yn de mienskip.
Ta him dyn begearte wie de earste fan in rige romans dy’t Lipkje Post-Beuckens skreau ûnder it pseudonym Ypk fan der Fear. It boek tsjûget fan har grutte leafde foar Gaasterlân.
Dit boek yn de DBFL is de fjirde printing út 1999, útjûn yn de rige Fryske Klassiken ii. It neiwurd is fan Ph. H. Breuker.

De skriuwster ropt de elemintêre macht fan de ierde en de geast fan it lân sels op, dy’t dit folk beynfloedzje en behearskje. It drama dan de natuer is ûnferbrutsen ferbûn mei it drama fan de minsken.

Inne de Jong yn de Stim

Fan der Fear makket Hylck har konkurrinte Hinke, in ferwoeksen frommeske, likegoed ta slachtoffer fan de hurde wetten fan de wrâld.

            Jabik Veenbaas yn de Leeuwarder Courant


Ypk fan der Fear skrillet net tebek foar it rikken nei de heechste ekstase en it delgean yn de djipste ôfgrûn fan fertwifgeling by har haadpersoanen.

Tiny Mulder yn it Friesch Dagblad.

Lipkje Post-Beuckens (1908-1983) waard berne te Sondel. Nei har oplieding oan de kweekskoalle stie hja lange jierren foar de klasse. As proazaskriuwster publisearre hja it meast ûnder de skûlnamme Ypk fan der Fear, de famkesnamme fan har mem. Hja krige yn 1979 de Gysbert Japicxpriis foar har hiele oeuvre, mar benammen foar har histoaryske romans.Under de namme ‘ella wassenaer’ waard se bekend as dichteres.