Ulbe van Houten
De sûnde fan Haitze Holwerda (1939)
Sjenre: Proaza

Oer boek en skriuwer

Van Houten syn roman oer de grifformearde boer Haitze Holwerda is in begryp yn de Fryske literatuer. It boek ferskynde foar it earst yn 1938 en belibbe in tsiende druk yn 1991. De lêzers fan de Ljouwerter Krante keazen de roman yn 2006 as it bêste Fryske boek fan alle tiden, tagelyk mei Tin iis fan Tiny Mulder.

It boek spilet om 1900 hinne: mei de lânbou gie it wer wat better nei de krisisjierren fan njoggentich, der rieden al treinen, mar foar al it oare gie it wurk noch mei hynste- en minskekrêft. Haitze Holwerda is in wat stoefe greidboer dy’t syn buorkerij hat tusken Deinum. Blessum en Boksum. Fia in omkesizzer hat er trije losse arbeiders fan It Bilt ynhierd om te helpen yn ’e ûngetiid. De ûngetiid (‘ûnliddige tiid’) wie in tige bannige rite. Dan moast elkenien meiwurkje om it hea yn te heljen foar de kommende winter.

Fan it begjin ôf oan akkordearret it net tusken de Bilkerts en de boer. Holwerda fynt se te mûlryp en te praatsk. Geandewei ûntjout him in machtsstriid, wêryn’t Haitze slach op slach ferliest. As de ûngetiid flot ferrint en it wurk earder dien is as foarsjoen, wol Holwerda har dêrom wol graach dien jaan, ek al is der in wike mear ôfpraat. It konflikt rint heech op, en by einsluten moat de greidboer belies jaan en komt er ta ynkear. Hy docht net allinne de arbeiders rjocht, mar fersoenet him ek mei syn God.

Dit boek yn de DBFL is de njoggende printing út 1983.

As men sjen litte wol dat net elke roman oer it boerelibben in ‘boereroman’ yn de mispriizgjende sin fan it wurd hoecht te wêzen, kin men hast gjin better foarbyld neame as de ‘Sûnde’. It wie by ’t ferskinen yn ’38 einliks al in histoarys ferhaal.

Jan Wybenga yn de Leeuwarder Courant.

De skriuwer stiet net achter Haitze syn mieningen, hy nimt der distânsje fan, en hy gnysket der wat om. Ut dat lêste komt no benammen myn beswier tsjin 'De sûnde...' fuort: Van Houten hat in Ollie Bommel-figuer skepen, dy’t rottige ideeën hat, en wêr’t men lykwols om glimkje moat, want och, yn syn hart is er sa beroerd net. Ik hie leaver hân dat Van Houten net in stumperige Haitze, mar in echte rotsak beskreaun hie, en dat er dy figuer net mei mylde hunor, mar mei frettend sarkasme temjitte kommen wie. Doch, dat moat ik tajaan, ‘De sûnde’ is troch it begekjen fan dy konservative opfattingen maatskippijkritysker as alle boereromans fan it foaroarlochske tiidrek.

Trinus Riemersma yn De Kul (omstavere).

Van Houten maakt zijn mensen niet te mooi en ook niet te lelijk. Het onwaarschijnlijke, dik opgelegde, dat je in andere boeken zo vaak tegenkomt, ontbreekt hier volkomen.

J.J. Kalma in Friesland Post

Ulbe van Houten (1904-1974) wie syn libben lang skoalmaster yn Sint Anne. Hy hâlde fan It Bilt, mar syn jeugd lei yn Boksum. Hy is de skriuwer fan in beheind oeuvre. Yn 1955 krige er de Gysbert Japicxpriis foar syn twa dielen Hillige histoarje, in neifertelling fan de bibelferhalen foar jong en âld, en foar De sûnde fan Haitze Holwerda.


Mear oer boek en skriuwer

Hink van Houten byde 100ste bertedei fan Van Houten yn it Frysk Deiblêd 25 maart 2004
Jan Wybenga oer de 10de printing, Ljouwerter Krante fan 5 july 1991
Pieter de Groot by de 100ste bertedei fan Van Houten, Ljouwerter Krante 27 maart 2004
Klaas Jansma mei Eric Ennema yn Omnium foar Omrop Fryslân yn 2001
Alpita de Jong yn 10 books from Friesland 2013