Hessel Miedema
Op 'e literaire toer (1973)
Sjenre: Proaza

Oer boek en skriuwer

Dizze bondel mei it samle wurk fan Hessel Miedema ferskynde yn 1973, njoggen jier nei Miedema syn brekken mei de Fryske literatuer. Hast alle opnommen wurk hie earder yn it literêr tydskrift Quatrebrasbras stien.

Poëzij: de iere fersen mei hânskreaune grafyske poëzij, de leafdessyklus ‘Trettjin fersen’ mei de bekende rigels: ‘dêrom lei ik de kul oer ’t skouder / en reizge floitsjend ôf’, en de fersen fan 1960 en letter, mei dêrby de grutte sykli ‘Stadich brekke de foarmen út ’e skyl’ en ‘De greate wrakseling’, de iene oer de oergong fan in famke fan fjirtjin nei de folwoeksenheid en de reaksje fan har heit en mem dêrop, de oare oer de syklus dy’t in beskaving trochmakket, oer hoe’t in kultuer ferstiennet dy’t him net fernijt, oer de misje fan de keunstner en in parody op it keunstklimaat yn de provinsje.

Proaza: elf koarte ferhalen yn in doe nije styl, sûnder ynterpunksje en haadletters, fol fan kontinu streamende taal dy’t de lêzer meifiert as yn in film, mei wurdgebrûk dat fier ôf stiet fan it Fryske boere-idioom. Fierder in ienakter, in krityk en in Hollânsktalige ôfskiedsbrief. Fan ‘De greate wrakseling’ ferskynde yn 2005 in aparte nije útjefte by útjouwerij Venus.

Dit boek yn de DBFL is de útjefte fan Op’e literaire toer út 1973. De tekst is yn de ‘âlde stavering’.

It soe it epos fan it skeppingsproses neamd wurde kinne of it epos fan de moderne minske, dy’t it paad bjuster is, dy’t weet hat fan oarsprong en sin en opnij begjinnen, fan de ivige ûnderstream fan it libben en dy’t syn hâldfêst fynt yn it skeppend, it dichterlik dwaande wêzen. Wat stil stiet ferkomt.

Sjoerd Leiker oer ‘De greate wrakseling’ yn De Tsjerne yn 1964

Yn Miedema hat Fryslân in skriuwer fan alluere hân, mar suver gjin mins ken him, lêst him en wurdearret him.

 Tr. Riemersma yn It koarte forhaal yn ’e Fryske literatuer fan de tweintichste ieu yn 1977

De besieling, passy en driuw dy’t dat gedicht [de grutte wrakseling]  jeie en de manier sa’t de dichter mei nije foarmen boartet, hawwe yn de Fryske poëzy amper har gelikens. De earder assosjative as kausale wize fan wurkjen, de yntertekstualiteit, it ferfrisseljen fan eleminten út ferskillende kultueren en oare keunstdissiplines, lykas de muzyk en de byldzjende keunst, de bretale perspektyfwikselingen en de irony, it binne mar in stikmennich fan de moderne izers dy’t Meidema al fjirtich jier ferlyn gleon en read op it poëzy-ambyld hie.

Eeltsje Hettinga yn de Moanne

Hessel Miedema (1929), hikke yn Snits, tein yn Amsterdam, studearre keunstskiednis yn dy stêd. Yn it begjin fan syn studintetiid sluet er him oan by it Fryske studinteselskip ‘Cygnus resurgens’ dêr’t ek Marten Brouwer en Sybe Sybesma lid fan wiene. Yn dy rûnte ûntstie yn 1954 it literêr tydkskrift Quatrebras. Miedema wurke mei en wie fan 1960-1963 redakteur. Fan 1957 oant 1963 wie er konservator fan it doe noch gemeentlik keramykmuseum ‘Het Princessehof’ yn Ljouwert. Dêrnei gie er werom nei Amsterdam om him oan it wittenskiplik keunsthistoarysk ûndersyk te wijen. Hy skreau gjin literêr wurk mear en waard yn Fryslân in leginde tsjin wil en tank.

Sekundêr wurk op ynternet

Eeltsje Hettinga, ‘De myte kaputt’, oer De greate wrakseling fan Hessel Miedema. p. 22

Ernst Bruinsma, Hessel Miedema op ’e literaire toer; in fossyl dat libben wurdt? [Fraachpetear]. p. 28.

Reaksje: Kommentaar op de greate wrakseling p. 34.

De Moanne nr. 10-2004

Hessel Miedema, Wêrom’t ik min Frysk skreau, p. 54.

De Moanne nr 01-2005