Ype Poortinga
De ring fan it ljocht (1976)
Sjenre: Proaza

Oer boek en skriuwer

De Fryske literatuer is ryk oan folksferhalen. Dat dy bewarre binne is te tankjen oan in oantal warbere sammelers dy’t fan de njoggentjinde ieu ôf de ferhalen opskreaune. Ype Poortinga reizge tusken 1970 en 1975 by fertellers lâns om harren folksferhalen op bân op te nimmen en út te wurkjen. It wiene benammen, mearkes, sêgen en oarsprongsferhalen. Hy sammele sa’n seistûzen en lei in seleksje dêrfan fêst yn in rige fan sân mânske boeken, dy’t der tige goed ynfoelen. It earste, De ring fan it ljocht, kaam út yn 1976 mei tekeningen fan G. van der Meer. De oare seis ferskynden alle jierren dêrnei ien. Theun de Vries sette it earste diel oer yn it Nederlânsk. 

Dit boek yn de DBFL is de earste printing. De tekst is yn de ‘âlde stavering’.

Dit ferhaleboek is in unyk foarbyld fan folksliteratuer, dy’t, om it mei in tsjinstridichheid te sizzen, al bestie doe’t it folk noch net skreau.

Klaas Jansma yn Frysk en Frij

Sommige verhalen zijn geniaal van eenvoud.

Dagblad van Noord-Limburg

Er is een groot aantal redenen om Fries te leren. Een ervan is ongetwijfeld het project van Ype Poortinga, die al jaren door Friesland trekt om de volksverhalen die daar nog leven te registreren en uit te geven. Het is verbazingwekkend dat in een land dat zich de benen uit het lijf rent voor iedere verzakte trapgevel verder geen enkel project à la Poortinga bestaat.

Geert Mak in De Groene Amsterdammer

Ype Poortinga (1910-1985) wurke sûnt de oprjochting by de Fryske Akademy, as haad fan de wurdboekôfdieling en letter fan de ôfdieling taalkunde, literatuer en folksferhalen. Hy waard benammen bekend as samler fan folksferhalen, mar hy skreau ek romans. Yn 1950 krige er de Gysbert Japicxpriis foar syn histoaryske roman Elbrich. Hy publisearre ien dichtbondel, Sinneblink.