Trinus Riemersma
De reade bwarre (1992)
Sjenre: Proaza

Oer boek en skriuwer

It kearnferhaal yn dit boek hannelet oer de bodzjende gerniershúshâlding Bosma, alias de ‘Modderklauers’, op it Ferwerter klaailân. Dêrnêst is der de geheimsinnige sekte fan de ‘Bwarristen’ dy’t de lear neifolget fan de reade boarre Boldgrim, de ‘grutte ferneuker’. In tredde ferhaalline fertelt de jeugdoantinkens fan it jonkje Tilly. Dat is it autobiografyske part fan it boek. Tuskentroch spylje parody op en polemyk mei histoaryske figueren út de Fryske beweging en literatuer, taalwittenskip en skiednis in rol.

It boek stelt troch de ôfwykjende stavering it ideaal fan it Frysk as in folsleine kultuertaal  yn de kiif. Riemersma skreau it yn syn eigenoanrette stavering, útdoktere yn de tiid dat hy en oaren iveren foar fiergeande staveringsfernijing. De ‘steatestavering’ fan 1976 brocht lang net wêr’t de fernijers foar krewearre hiene.

De Reade Bwarre wurdt algemien sjoen as it hichtepunt yn it wurk fan Trinus Riemersma. Hy krige der yn 1995 de Gysbert Japicxpriis foar.

Dit boek yn de DBFL is de twadde printing út 1993.

In de roman is alles gethematiseerd wat de Friese literatuur tot de Friese literatuur maakt.

Liesbeth Brouwer yn Parmentier

Uiteindelijk is het boek – ook – geworden wat Riemersma destijds voor ogen had: een literaire hommage aan zijn vader.

Sytske van Aalsum yn Trouw

Stadich wurdt it ús dúdlik dat it in knap literator is dy’t sa’n boek skriuwe kin, sokke linen útsette kin, en se dan allegear by inoar bringt. Hy konfrontearret ús mei hoe maklik oft wy tinke en meigean yn allegear myten dy’t wy konstruearre hawwe om de werklikheid yn en ûnder te ferdielen lykas ús idee fan realiteit, ús tinken dat der sokssawat as in God wêze soe en oarte grutte ferhalen. Hy konfrontearret ús mei it feit dat ek ús eigen ferline in konstruksje en dus in myte is. […]

Riemersma boartet mei syn lêzers, mei syn ferhalen en mei himsels as skriuwer. Hy jaget de boel yn de bulten. Riemersma is ús earste postmodernist yn in faaks noch mytysk Fryslân.

Advyskommisje Gysbert Japicxpriis 1995 yn Trotwaer

Trinus Riemersma (1938) wurke nei syn oplieding in skoft as skoalmaster. Dêrnei folge er in rige stúdzjes Fryske taal en letterkunde wat late ta in dissertaasje yn 1984. Hy hat in libben lang skreaun en wurdt sjoen as ien fan de wichtichste Fryske auteurs fan de lêste fyftich jier.