Koart oersjoch fan de literêre prizen

De Rink van der Veldepriis is yn 2003 ynsteld troch it kolleezje fan Boargemaster en Wethâlders fan de gemeente Smellingerlân, yn oparbeidzjen mei útjouwerij Friese Pers Boekerij bv.
De twajierlikse priis is ornearre foar it bêste literêre wurk yn it Frysk of yn ien fan de streektalen dy't yn Fryslân brûkt wurde.


It wurk mei allinne fiksjoneel proaza wêze (roman of koarte ferhalen, de literêre sjenres dy't Rink van der Velde skreau). De priis betreft wurk fan de twa foarôfgeande kalinderjierren.
De skriuwer dy't de Rink van der Veldepriis takend krijt, waard by de earste kearen begjin febrewaris buorkundich makke en de priis útrikt yn de Fryske Boekewike. De lêste kearen is der in nominaasjesysteem: nominaasjes bekend begjin jannewaris, priisútrikking twadde helte febrewaris.

De priis bestiet út in byldsje, makke troch byldzjend keunstner Anne Woudwijk fan Drachten, en in jildbedrach fan € 1.250,-.

De priisútrikking wie alle kearen yn it gemeentehûs fan Smellingerlân yn Drachten.

Ynformaasje gemeente Smellingerlân
Sjueryreglemint, fêststeld maart 2012

 

Priiswinners oant no ta

2016
Anne Feddema, De triennen fan Cheetah
sjuery: Meindert Reitsma (foarsitter), Tsjitske Madison-Snel, Siets Ypenga, mear >>
priisútrikking 17-2-2016
sjueryrapport
Nominaasjes

2014
Ale S. van Zandbergen, Littenser Merke
sjuery Tryntsje van der Steege (foarsitter), Tessa Blauw, Forina van der Zee, mear >>>
priisútrikking 19-2-2014
sjueryrapport
Sietse de Vries yn LC 20-2-2014
foto Jilmer Postma yn LC 20-2-2014
mear foto's op wâldnet.nl 19-2-2014
Nominaasjes

2012
Ferdinand de Jong - It dak fan de wrâld
sjuery Symen Schoustra (foarsitter), Karen Bies, Geertrui Visser
priisútrikking 15-2-2012
sjueryrapport
Sietse de Vries yn LC 16-2-2012
foar foto's wâldnet.nl
Nominaasjes

2010
Arjen Terpstra - De hearen fan Fryslân
sjuery Sjoerdtsje Veenstra (foarsitter), Pier Bergsma, Sjoerd Ybema
sjueryrapport
priisútrikking 17-2-2010

2008
Auck Peanstra - Sitebuorren, myn eigen paradys
sjuery Jannie van der Kloet (foarsitter), Miranda van Kralingen, Immie Tappers
sjueryrapport
priisútrikking 20-2-2008
webside gemeente

2006
Harmen Wind - It ferset
sjuery Aly van der Mark (foarsitter), Joop Douma, Hinke Wiersma
sjueryrapport
Gerbrich van der Meer yn it FD 23-2-2006
ferslach yn LC 23-2-2006

2004
Koos Tiemersma - De ljedder
sjuery Rena Wagenaar (foarsitter), Gurbe Douwstra, Aly Dijk
sjueryrapport
priisútrikking 25-2-2004