Literêre prizen, Koart oersjoch

Yn 1982 stelde it bestjoer fan it Simke Kloostermanlien de Simke Kloostermanpriis yn as in ‘trijejierlikse berneboekepriis’. Yn it literêre fjild wie yn dy snuorje al langer ornearre dat der in aparte priis foar berne- en jeugdliteratuer komme moast. Skriuwers fan literatuer út dat genre fielden noch geregeld in foarm fan miskenning, en in literêre priis koe moai meihelpe it prestiizje fan har wurk te ferheegjen.

De Provinsje Fryslân, doe ek dwaande it prizesysteem oan te passen, keas foar in debút- en in oersetpriis. Op inisjatyf fan de wurkgroep ‘Berneboekepraat’ fan It Skriuwersbûn stelde it Simke Kloostermanlien doe sels in priis yn foar berneboeken. It Lien seach sa de mooglikheid om berneliteratuer te stimulearjen en om de nammebekendheid fan Simke Kloosterman grutter te meitsjen. Berneboekepraat waard troch it bestjoer fan it Lien aktyf yn de organisaasje fan de priisútrikking behelle.

De priis, sa stelt it reglemint, moat om de trije jier yn de maitiid útrikt wurde yn Twizel, it berteplak fan de skriuwster Simke Kloosterman. De priis bestie yn 1982 út in oarkonde en in bedrach fan tûzen gûne. Letter gie it prizejild omheech. Yn 1998 waard it bedrach trijtûzen gûne, mooglik makke troch in bydrage fan de Provinsje; yn stappen gie it dêrnei nei 3500 euro yn 2013 en 5000 euro yn 2016. Fan it begjin ôf oan foelen alle soarten orizjineel frysktalige berne- en jeugdliteratuer ûnder it berik fan de priis.

Simke Kloosterman (1876-1938) wie in Fryske skriuwster en dichter dy’t ek wurk foar bern skreau. Se wie iennichst bern en hie sels gjin bern; har besit waard nei har dea ûnderbrocht yn it Simke Kloostermanlien.

De Simke Kloostermanpriis en de Rely Jorritsmapriis binne de al langer besteande twa grutte literêre prizen yn Fryslân dêr’t de oerheid net streekrjocht yn behelle is (yndirekt wol: by de RJ binne B&W fan Littenseradiel de bestjoerders fan it Fûns; de Provinsje betellet mei oan de Simke Kloostermanpriis). Yn beide gefallen wurdt (in part fan) it prizejild opbrocht út de neilittenskip fan fermogende Fryske boerefamyljes. Yn 2013 kaam yn dizze kategory de Douwe Tammingapriis derby, betelle út de neilitenskip fan dichter D.A. Tamminga en syn frou Sjouk Piebenga.



Simke Kloostermanpriis
De trije nominearren foar de Simke Kloostermanpriis 2001 op it gemeentehûs fan Bûtenpost, 14 maart 2001,
f.l.n.r. Auck Peanstra, Lida Dijkstra en Eppie Dam, mei learlingen fan de skoalle ‘De Lichtbron’.
Foto LC, argyf Tresoar.

Priiswinners oant no ta

De sjueryfoarsitter (as dy der wie) is oanjûn mei *.

2016
Hanneke de Jong, Trettjin dagen om in spetterjend feest te organisearjen
Sjuery: Sytske Eringa, *Sigrid Kingma, Willem Verf
Mear:
Sjueryrapport
LC 21-05-2016
Nominaasjes

2013
Thys Wadman, De oerwinnings fan Tido Houtsma
Sjuery: Alie Douma, *Douwe Kootstra, Albertina Soepboer
Mear:
Sjueryrapport
Fokke Wester, NDC 24-05-2013
LC 28-05-2013
Nominaasjes

2010
Hanneke de Jong, Salsafamke
Sjuery: Alie Douma, *Folkert de Jong, Douwe Kootstra.
Mear:
Sjueryrapport
LC 01-04-2010
LC 10-05-2010
Nominaasjes FD 03-03-2010

2007
Lida Dykstra, yll. Monique Beijer, Lederwyntsje, bern mei krêften
Sjuery: Wys de Jong, Siets Ypenga, Folkert de Jong
Mear:
Sjueryrapport
Gerbrich van der Meer, FD 09-05-2007
LC 14-05-2007

2004
Lida Dykstra, yll. Piet Grobler, Mûske, myn famke
Sjuery: Jelle van der Heide, Wiesje Hogenhuis-Sipma, Wys de Jong
Mear:
Sjueryrapport
Xaviere Heeremans FD 08-05-2004
LC 01-04-2004
Nominaasjes FD 01-04-2004

2001
Eppie Dam, yll. Gerrit Terpstra, Dingeman krijt wjukken
Sjuery: Lysbert Bonnema, Liskje Flapper, *Klaas de Jong
Mear:
LC 28-04-2001
LC 17-09-2001
Nominaasjes

1998
Auck Peanstra, Yn piama de dyk oer
Sjuery: *Lysbert Bonnema, Wim van der Schaaf, Dolf Verroen
Mear:
Sjueryrapport
LC 08-05-1998
LC 11-05-1998
Nominaasjes

1995
Berber van der Geest, yll Laura Lava, De kilekanen
Sjuery: Alian Akkermans, Nine Troost, *Dolf Verroen
Mear:
LC 22-05-1995

1992
Mindert Wijnstra, yll Babs Wijnstra, It hûs fol ferhalen
Sjuery: Alian Akkermans, Wim van der Schaaf, *Jant van der Weg-Laverman
Priisútrikking sneon 21 novimber 1992 troch Teun Simonides.
Mear:
Sjueryrapport
Baukje Wytsma, fraachpetear mei de priiswinner LC 20-11-1992
LC 23-11-1992

1989
Berber van der Geest, Bartele Bûse
Sjuery: Wieke Goeman-van Randen, *Wim van der Schaaf, Siets Ypenga
Priisútrikking op sneon 10 juny 1989 troch Teun Simonides.
Mear:
Sjueryrapport
LC 09-06-1989
LC 12-10-1989

1986
Akky van der Veer, Swart op wyt
Sjuery: Saco van Foeken, Wieke Goeman-van Randen, Durkje Rienks-Wallinga
Priisútrikking op sneon 24 maaie 1986.troch ds. A.D. Wumkes.
Mear:
Sjueryrapport
Fraachpetear mei de priiswinster, LC 12-04-1986 part 1 en part 2
LC 26-05-1986

1983
Reinder R. van der Leest, Cap Sud
Sjuery: Jantsje de Boer, Wim van der Schaaf, *Jant van der Weg-Laverman
Priisútrikking troch ds. Atse Wumkes op sneon 7 maaie 1983 yn de herf. tsjerke fan Twizel.
Mear:
LC 09-05-1983


[pleatst 21.02.2013, letter oanfolle]