Kom yn ‘e kunde mei de Fryske literatuer op in leechdrompelige wize, ûntdek alles oer it Oera Linda-boek en ûntdek hoe’t fjouwer skriuwers foar de Twadde Wrâldoarloch harren minderheidstaal-literatuer op de ynternasjonale kaart set hawwe. De trije lêzings wurde yn ’t Frysk jûn. Tanksij in Powerpoint-presintaasje yn it Nederlânsk binne de lêzings goed te folgjen foar dielnimmers dy’t it Frysk minder goed behearskje.
De lêzings binne foar alle trije tagelyk te boeken, mar kinne ek apart fan inoar dien wurde.

Volksuniversiteit Fryslân wurket by dizze lêzings gear mei Tresoar.
Ynskriuwe kin hiel maklik fia Volksuniversiteit Fryslân of mei it ynskriuwformulier út de kursusbrosjuere.

 

Lês mear...