Kursus Libbensferhaal skriuwen – Marga Claus
It is in moaie en sinfolle bezichheid om yn in lytse groep minsken dwaande te wêzen mei it eigen libbensferhaal. Mei bepaalde oefeningen aktivearje wy oantinkens út de jonge jierren. It blykt dat skriuwe yn in groep in soad opsmyt. De kursisten bringe elkoar op ideeën, en sadwaande slagget it hieltyd better om hichte- of djiptepunten út it ferline op papier te krijen.  Dat is moai foar it neigeslacht, mar seker ek foar de haadpersoan fan it ferhaal. De skriuwsels liede wer ta weardefolle petearen.

Start Libbensferhaal beginners of trochsetters:
Start: 10 jannewaris, woansdeitemiddei fan 14.00 – 16.00 oere.
Kursusdata: 10, 17,24 en 31 jannewaris, 7, 14, 21 en 28 febrewaris
Plak: Tresoar, Ljouwert
Minimaal 6, maksimaal 8 persoanen.
De kursus oan it begjin fan it jier hat al west, mar der starte hieltyd wer nije kursussen, sjoch dêrfoar op de webside fan dosinte Marga Claus: www.margaclaus.nl

Ferfolchkursus poëzij skriuwe – Abe de Vries
Poëzijskriuwe foar trochsetters, ferfolchkursus – Abe de Vries
Gjin moaiere skriuwerij as dichtsjen! Troch te boartsjen mei taal kinne der rigels op papier komme dy’t knetterje, ferliede, meinimme. De begjinnende dichter kin de kâns dêrop grutter meitsje troch te betinken: dichtsjen is foaral ambacht, 10 persint ynspiraasje en 90 persint transpiraasje. Fia diskusje, it lêzen fan gedichten en it sels skriuwen derfan wurde de earste stappen set op it paad fan it dichterskip. Foar de wat betûftere dichters kin de kursus ferbreding en ferdjipping jaan. Kursisten wurkje ta op ien of mear publikaasjes yn literêre tydskriften.
Kursusdata: woansdei 14 en 28 febrewaris, 14 en 28 maart en 11 april fan 15.00-17.00 oere. Dizze kursus is al oan ‘e gong en sit fol.

Gedichten skriuwe foar FeRsefariaasje Arjan Hut
It jierlikse gedichtefestival FeRstival is hiel populêr. Elk jier wurdt der troch Cedin in boekje útbrocht dêr’t behalve besteande gedichten ek nije gedichten ynsteane en dy’t spesjaal skreaun binne om foar te dragen.
Om aktueel te bliuwen en om dichters te ynspirearjen, wurde der kursussen foar jûn dy’t út trije jûnen bestean. De gedichten dy’t hjir ûntsteane wurde nei de redaksje fan FeRsefariaasje trochstjoerd.
De kursus wurdt jûn troch dichter Arjan Hut.
Kursusdata: 21 maart, 4 en 18 april
Plak: Tresoar, Ljouwert
Maksimaal 10 persoanen (noch 3 plakken frij). Oanmelde fia This email address is being protected from spambots. You need JavaScript enabled to view it.