Kursus Libbensferhaal skriuwen – Marga Claus

It is in moaie en sinfolle bezichheid om yn in lytse groep minsken dwaande te wêzen mei it eigen libbensferhaal. Mei bepaalde oefeningen aktivearje wy oantinkens út de jonge jierren. It blykt dat skriuwe yn in groep in soad opsmyt. De kursisten bringe elkoar op ideeën, en sadwaande slagget it hieltyd better om hichte- of djiptepunten út it ferline op papier te krijen. Dat is moai foar it neigeslacht, mar seker ek foar de haadpersoan fan it ferhaal. De skriuwsels liede wer ta weardefolle petearen.

Start Libbensferhaal beginners of trochsetters:
Start: 14 novimber, woansdeitemiddei fan 2-4

Minimaal 6, maksimaal 8 persoanen.

Der starte hieltyd wer nije kursussen, mei begjinnende en mear erfaren skriuwers, sjoch dêrfoar op de webside fan dosinte Marga Claus: www.margaclaus.nl