Fryske literatuer – lêzingesearje

Kom yn ‘e kunde mei de Fryske literatuer op in leechdrompelige wize. Dbieb en Tresoar ha de lapen gearsmiten om yn ‘e mande lêzings oer literêre ûnderwerpen te jaan yn novimber fan 2018. Untdek werom as Fryske skriuwsters minder faak yn ‘e prizen falle, wat de rol en it belang is fan fisuele poëzy en watst dwaan kinst om Fryske literatuer oantreklik te presintearjen by learlingen fan it fuortset ûnderwiis. De trije lêzings wurde yn ’t Frysk jûn. Tanksij stipe fan in Nederlânsktalige Powerpointpresintaasje binne de lêzings ek goed nei te kommen foar tahearders dy’t it Frysk minder goed behearskje.

Fisuele poëzy

Mei it opfallende motto Sssstt…! Hjir flústeret de tiid is Tresoar yn 2018 folop dwaande mei it fertellen fan it ferhaal fan de Fryske kultuer, literatuer en skiednis. Mei nije middels, grutte LED-skerms en 4 meter hege ‘poëzymasines’presintearje dichters en keunstners harren wurk en wurdt it ferhaal fan de fisuele poëzy yn Fryslân en Europa ferteld. Yn de lêzing wurdt yngien op de rol en it belang fan fisuele poëzy.

Per lêzing te boeken.
Boekst daliks de hiele Fryske literatuer lezingesearje? Dan is de kursuspriis € 23,00. Hiele searje boeke.

Lokaasje: Tresoar
Datum: 15 novimber
Tiidstip: 19.45- 21.45