Fryske literatuer – lêzingesearje

Kom yn ‘e kunde mei de Fryske literatuer op in leechdrompelige wize. Dbieb en Tresoar ha de lapen gearsmiten om yn ‘e mande lêzings oer literêre ûnderwerpen te jaan yn novimber fan 2018. Untdek werom as Fryske skriuwsters minder faak yn ‘e prizen falle, wat de rol en it belang is fan fisuele poëzy en watst dwaan kinst om Fryske literatuer oantreklik te presintearjen by learlingen fan it fuortset ûnderwiis. De trije lêzings wurde yn ’t Frysk jûn. Tanksij stipe fan in Nederlânsktalige Powerpointpresintaasje binne de lêzings ek goed nei te kommen foar tahearders dy’t it Frysk minder goed behearskje.

Fryske literatuer yn it fuortset ûnderwiis

De leeftyd 12-15 jier is essinsjeel om in positive lêshâlding te ûntwikkeljen. Dêrom is it wichtich dat in learling yn dy faze positive lêsûnderfiningen opdocht fia boeken dy’t by him passe. Mar hoe komt er oan sokke boeken? En wat makket in boek geskikt? Op dy fragen wurdt yn dizze lêzing oer Fryske literatuer yn it fuortset ûnderwiis antwurd jûn. De lêzing is yn ’t Frysk.

Per lêzing te boeken.
Boekst daliks de hiele Fryske literatuer lezingesearje? Dan is de kursuspriis € 23,00. Hiele searje boeke.

Lokaasje: Tresoar
Datum: 29 novimber
Tiidstip: 19.45 – 21.45