Ast mei dyn libbensferhaal oan de slach silst, of it libbensferhaal fan in oar fêstlizze wolst, learst dat it bêst en it gaust yn in groep. Ommers: by it útwurkjen fan de tema’s bringst elkoar op ideeën. Boppedat krigest net allinnich feedback op it eigen ferhaal te hearren, mar ek op dat fan de oare dielnimmers.
Yn de kursus aktivearje wy mei bepaalde oefeningen iere oantinkens. Thús wurkje de dielnimmers oan de opdracht, wêrnei’t de resultaten yn de les foarlêzen en besprutsen wurde. Dat liedt ta weardefolle petearen, mei in soad tips en trúks, en opbouwend kommentaar. Al nei in pear lessen silst fernimme dat de kwaliteit fan de teksten tanimt.
De kursus bestiet út acht byienkomsten, en is meastentiids in mjuks fan begjinners en trochsetters. Begjinners kinne nei acht wike eventueel meidwaan oan it folgjende blok.

Op 3 maaie 2015 wie yn it radioprogramma Buro de Vries in reportaazje fan Sippy Tichelaar oer Marga Claus har kursus: Buro de Vries fan 3 maaie 2015 11.00 (even skrolle op de side).
Dy reportaazje jout in moaie yndruk fan hoe’t it om en ta giet op de byienkomsten. Nim kontakt op mei Marga Claus oer de mooglikheden fan in kursus yn it kursusjier2017/2018.

Data
Kursus I wie fan sept oant nov 2016.
Kursus II wie op woansdeitemiddei 11, 18 en 25 jannewaris, 1, 8 en 15 febrewaris, 1 en 8 maart 2017, 14.00-16.00 oere.
Kursus III begjint by foldwaande yntekening yn april.

Kosten foar ien kursus: € 140.
Op syn minst 6, maksimaal 8 dielnimmers.

Oanmelding en mear ynformaasje op website Marga Claus.

Marga Claus

Marga Claus wurket noch in pear deidielen as dosint Nederlânsk yn it mbo en begeliedt allochtoane kursisten. Guon fan har boeken binne libbensferhalen-mei-in-bewyske-fiksje. Har lêste boek Kompleten (2013) jout in byld fan de eigen ûnderfiningen yn in achtdeiske retraite yn in kleaster, kombinearre mei it oangripende ferhaal oer de sykte en dea fan har man. De skriuwster jout al moai wat jierren kursussen yn it skriuwen fan libbensferhalen. Biografyske skets op sirkwy.