D.A. Tammingapriis
foar Geart Tigchelaar

LJOUWERT – Geart Tigchelaar (1987) kriget de D.A. Tammingapriis 2017. De priis wurdt him takend foar syn poëzydebút ‘leech hert yn nij jek’ en sil him op 30 juny oerlange wurde op Tresoar.

It is de twadde kear dat de Stifting Frysk Letterkundich en Dokumintaasjesintrum (FLMD) de priis útrikt. De priis, ynsteld nei’t de provinsje yn 2012 de Fedde Schurerpriis ôfskaft hat, is om bar ornearre foar in proaza- en poëzydebút.

De sjuery, besteande út Elske Kampen, Albertina Soepboer en Jacobus Q. Smink, is mei miene stimmen ta syn oardiel kommen en beskriuwt ‘leech hert yn nij jek’ as ,,in spannende bondel, dêr’t alles yn brûkt en ynset wurdt om goede poëzy te meitsjen en dy’t der beslist om freget faker as ien kear lêzen te wurden’’. Oan de priis is in bedrach fan 3000 euro en in oarkonde ferbûn. It jild wurdt betelle út de opbringsten fan it Tamminga-Piebenga Fûns, dat yn behear is by de Stichting FLMD.  Yn 2014 krige Ale S. van Zandbergen de priis foar de roman ‘Littenser Merke’.

Op freed 30 juny krige Geart Tigchelaar de oarkonde en de jildpriis fan € 3000,00 útrikt út hannen fan Willem Verf, fan de Stichting FLMD.

It sjueryrapport stiet hjir.

D.A. Tammingapriis 2017Geart Tigchelaar nimt oarkonde yn beslach fan Willem Verf