De stifting FLMD sil yn 2017 foar de twadde kear de D.A. Tammingapriis foar Fryske literêre debuten útrikke. Gading kin makke wurde troch dichters, dy’t yn de perioade 1 jannewaris 2012 o/m 1 april 2017 debutearren mei in dichtbondel. Allinnich oarspronklik Frysktalich wurk komt yn de beneaming. De winner krijt in jildbedrach fan € 3000 en in oarkonde.

Gadingmakkers (of har útjouwers) moatte fjouwer eksemplaren fan har bondel op syn lêst op 3 april 2017 besoargje by de skriuwer fan de Stifting FLMD, Pieter de Groot, De Koarte Baan 11, 8731 DK Wommels. De trije sjueryleden Albertina Soepboer, Elske Kampen en Jacobus Q. Smink sille dêrnei oer de bondels te set. De priisútrikking sil yn ’e rin fan juny wêze.

Skriuwers fan Fryske ferhalen of fersen kinne wer gading meitsje nei in Rely Jorritsmapriis. De bêste Fryske bydragen wurde beleanne mei in jildbedrach. In bekroand gedicht of in winnend ferhaal wurdt dit jier honorearre mei in jildbedrach fan 1000 euro.

Yn april 2017 ferskynt by útjouwerij De Bezige Bij in twatalige sammelbondel mei alle oarspronklike poëzij fan Tsjêbbe Hettinga (1949-2013) mei as titel Het vaderpaard / It faderpaard. Alle gedichten.

Nijste bondel

De sammelbondel omfiemet in dichterlik oeuvre fan 44 jier. Dêrby is ek Hettinga syn nijste dichtbondel De ring fan Gyges, dy’t er sels noch gearstalde; syn bern fûnen nei syn dea de tekst op Hettinga syn kompjûter. Dizze achtste bondel bestiet foar de helte út ûnbekend wurk, foar it neist út de lêste libbensjierren fan de dichter. It binne kleurrike, byldzjende en bytiden hallusinearjende fersen oer leafdeskoarts en winterdea. Mar de dichter hat ek bekende gedichten yn syn nijste bondel opnommenm, lykas ‘Lytse jonge / ‘Kleine jongen’, it fers dêr’t er in protte sukses mei hie by syn optreden op Poetry International yn 2001 – it wie skreaun foar Simmer 2000 en kin sjoen wurde as it meast ‘Burchwerter’ fers fan Hettinga – en ‘De mar / Het meer’, in epysk gedicht oer it lot fan de Fryske skilder-dichter Gerben Rypma. Lêzers fan Hettinga syn wurk sille opmerke dat beide gedichten in oare titel krigen ha as yn de eardere útjefte.

Fotoportret Gysbert Japicxpriiswinner Koos Tiemersma troch Tryntsje Nauta

Hjoed is yn Tresoar it portret presintearre dat fotograaf Tryntsje Nauta makke hat fan Koos Tiemersma. Dy krige ferline jier de Gysbert Japicxpriis foar syn roman Einum.
Sjoch ek in earder berjocht.