LJOUWERT – De Rely Jorritsmapriisfraach foar Fryske ferhalen en gedichten is wer iepensteld. Wa’t gading meitsje wol, kin in ferhaal en/of fers ynstjoere. In ûnôfhinklike sjuery hifket de ynstjoeringen anonym en kin maksimaal fiif ferhalen en fiif fersen bekroane. Elk bekroand ferhaal of gedicht wurdt honorearre mei €1000.

De ynstjoertermyn slút 12 maaie o.s.

Rely Jorritsma (Jellum 1905 – Nijmegen 1952) hie yn syn testamint bepaald dat der alle jierren in priisfraach útskreaun wurde moat foar de bêste fiif gedichten en de beste fiif ferhalen yn de Fryske taal. Al sûnt 1954 wurdt syn winsk útfierd. Oant 1 jannewaris lêstlyn waard it bestjoer fan it Rely Jorritsma Fûns foarme troch b. en w. fan Littenseradiel, de gemeente fan Rely’s bertedoarp Jellum. Nei’t Littenseradiel op 1 jannewaris 2018 ophâlden is te bestean, hat de gemeente Ljouwert – dêr’t Jellum no ûnder falt – de priis op ’e noed nommen en de útfiering opdroegen oan de Stifting Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum (FLMD) te Ljouwert.

De ynstjoeringen moatte digitaal as bylage ferstjoerd wurde oan This email address is being protected from spambots. You need JavaScript enabled to view it.   Namme, adres en telefoannûmer en mailadres fan de ynstjoerders moatte yn de e-mail fermeld wurde, mar bliuwe geheim foar de sjuery.

Foar mear ynformaasje sjoch de webside www.stiftingflmd.frl of skilje mei Antje Postma, tel. 0653127799.