Nominaasjes Rink van der Veldepriis 2018 bekend

De sjuery fan de Rink van der Veldepriis hat trije boeken nominearre, it binne:

Bêste jonge fan Geart Tigchelaar
De nacht fan Mare fan Willem Schoorstra
Renger fan Nyk de Vries


De winner wurdt op freed 15 juny bekendmakke by de skriuwersarke fan Rink. Dêrnei folget in wike fol aktiviteiten, dêr’t û.o. ek de nije skriuwers dy’t dit jier skriuwe sille yn it arkje bekend makke wurde. De sjuery bestiet út Andries van Weperen, Alian Akkermans-Hofstra en Janny Bottema-de Jong. De gemeente Smellingerlân stelt in skulptuer fan byldhouwer Anne Woudwijk beskikber en stifting FLMD stelt in jildpriis fan € 2000,- beskikber.

Mear ynformaasje
Publikaasje gemeente Smellingerlân, april 2018