Rink van der Veldepriis en begjin seizoen Skriuwersarke kombinearre

De útrikking fan de Rink van der Veldepriis en de ôftraap fan it seizoen fan de Skriuwersarke op De Feanhoop fine dit jier plak op freed 15 juny. De inisjatyfnimmers de gemeente Smellingerlân, de Stifting Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum (FLMD) en It Fryske Gea sette dat mei-inoar op priemmen.

Oanlieding

De oanlieding foar de gearfoeging is it fertrek fan  Friese Perse Boekerij út de organisaasje fan de Rink van der Veldepriis; de útjouwerij gong fallyt. De stifting FLMD dy’t alle simmerskoften de Skriuwersarke fan It Fryske Gea hiert en beskikber stelt oan skriuwers, hie al earder oanjûn yn de organisaasje fan de literatuerpriis behelle te wurden. Gemeente Smellingerlân en Stifting FLMD hawwe de gearwurking bepraat en seagen in moaie kâns de krêften te bondeljen en in feestlike byienkomst te organisearjen ta profyt fan de Fryske literatuer.  It doel is ek oare jierren mei dy nije opset troch te gean.

Nij reglemint

De Stifting FLMD stelt €2000 beskikber foar de winner fan de Rink van der Veldepriis. Foarhinne waard it jild troch de Friese Pers Boekerij beskikber steld. It bekendmeitsjen fan de winner sil fan no ôf oan ek oars wêze. Al fóár de útrikking op 15 juny makket de gemeente bekend wa’t de literatuerpriis wint. Dy wizigingen en de gearfoeging fan beide eveneminten binne fêstlein yn in nij reglemint.

Wikseling fan de wacht

De Stifting FLMD stelt op 15 juny de skriuwers foar, dy’t dizze simmer yn de arke tahâlde om yn alle rêst nij wurk te meitsjen. De skriuwers fan ferline simmer fertelle wat oer har eigen ûnderfiningen.

Nominaasjes

Meikoarten makket de Stifting FLMD bekend wa’t de nominearren binne foar de Rink van der Veldepriis. Yn Breeduit komme jo yn de oanrin nei 15 juny mei har yn ’e kunde.

Parseberjocht

Drachten, 3 april 2018, útbrocht troch Stifting FLMD, It Fryske Gea en gemeente Drachten Smallingerland.