Ljouwert - Foar it literêre útwikselingsprojekt Other Words/Oare Wurden siket Tresoar in Fryske skriuwer dy't de útdaging oandoart om acht wiken lang yn Masedoanië te wenjen en te wurkjen

It projektOther Words/Oare Wurden is in ynternasjonaal literêr útwikselingsprojekt. Doel is om in netwurk op te bouwen fan skriuwers yn lytse- en minderheidstalen yn Europa. Njonken Fryslân dogge ek Baskelân, Ierlân, Slovenië en Masedoanië mei oan it projekt. Der gie al earder in Fryske skriuwer nei Masedoanië. Ek ferbleaune der al Fryske skriuwers yn San Sebastián (Baskelân), Belmullet (Ierlân) en Maribor (Slovenië) en ferwolkomme Ljouwert al sân bûtenlânske skriuwers.

In Fryske auteur mei fan septimber 2018 ôf acht wiken nei Masedoanië om ynspiraasje op te dwaan, te (net)wurkjen en diel te nimmen oan kulturele aktiviteiten. Hy of sy docht dêrfan ferslach yn blogs. Foar dit útdaagjende karwei siket Tresoar in skriuwer of skriuwster mei in goed plan, de nedige ûnderfining yn de literêre wrâld en in sûne doasis moed. it ferbliuw moat resultearje yn in literêr wurk fan maksimaal 5000 wurden, yn it Frysk. Dat wurk wurdt oerset yn fiif talen foar publikaasje op de webside fan Oare Wurden/Other Words en yn in boekwurk.
 
Oant 24 augustus is er de mooglikheid om in foarstel yn te tsjinjen. De skriuwer (m/f) fan it bêste foarstel reizget heal septimber nei Masedoanië ôf. Foar ûnderdak wurdt soarge, en der is in honorarium en fergoeding fan de ferbliuws- en reiskosten beskikber.