Yn it ramt fan LF2018, Lân fan Taal, hat Tresoar dit jier in protte omtinken foar Quatrebras, it literêre blêd dat yn de jierren '50 en '60 yn Fryslân in wichtich poadium wie foar fernijende keunstfoarmen.  It blêd stie midden yn de spannende ûntjouwingen fan de Nederlânske en ynternasjonale literatuer fan dy perioade: ekspresjonisme, eksistinsjalisme, Fyftigers, Nul, Nije Poezij, konkrete poëzij, fisuele poëzij.

It blêd wie de tsjinpoal fan De Tsjerne, it tydksrift fan 'arrivearre' skriuwers lyk as Fedde Schurer en  E.B. Folkertsma. Yn Quatrebras sieten de 'jonge hûnen' as Hessel Miedema, Jelle de Jong en Ella Wassenaar. Bysûnder wie de gearwurking yn Quatrebras fan skriuwers en byldzjende keunstners. Josum Walstra en Jerre Hakse wurken mei en makken omslaggen en layout.

Op freedtejûn 2 novimber fan 20.00 oant 24.00 stiet it Tresoargebou yn it teken fan de wrâld fan Quatrebras. Mei byld, lûd en foardrachten fan Quatrebras-hichtepunten wurdt it literêre klimaat fan de Fryske fifties en sixties ta libben brocht. Ek binne der lêzings oer fisuele poëzij yn Fryslân, Nederlân en yn it bûtenlân.